Thús - 1 - 2 - 4 - 7 - A - B - C - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - O - P - R - S - T - U - V - W - Y - Z



Op fryskemuzyk.nl fine jo alle Fryske muzyk en films op cd as dvd. Klik op ien fan de letters as sifers hjir boppe om in oersjoch te krijen fan alle skiven mei dy begjinletter as klik op Thús om nei in samling ferneamde skiven te gean.


Grommelmoes en bargebiten


Grommelmoes en bargebiten (1992)

De lietsjes op Grommelmoes en Bargebiten jouwe in oersjoch fan de skoalradiolietsjes sa't dy yn de rin fan de jierren opnommen binne yn de studio fan Omrop Fryslân. Yn gearwurking mei it Fries jeugdkoor en Omrop Fryslân waarden de lietsjes yn de Telesoundstudio yn Ljouwert yn in nij eigentiids jaske stutsen. It entûsjasme en de wille wêrmei't de bern de ferskes songen ha spat fan de skiif ôf en troch it grutte ferskaat oan ûnderwerpen, teksten, komposysjes en stilen is Grommelmoes en Bargebiten in kompakt skiif wurden, dy't bern grif oansprekke sil.

1 Sibe Sliner - Skoalradiokoar
2 Master Melle - Skoalradiokoar
3 Ikke net - Skoalradiokoar
4 Harke harke - Skoalradiokoar
5 Komplot - Skoalradiokoar
6 Reklame - Skoalradiokoar
7 Krystfeest - Skoalradiokoar
8 De blues fan de baas - Skoalradiokoar
9 Moatte, moatte, moatte - Skoalradiokoar
10 Jan - Skoalradiokoar
11 Sneontejûn - Skoalradiokoar
12 Neat feroare - Skoalradiokoar
13 Dikke bult, eigen schuld - Skoalradiokoar
14 Us heit en mem ha in caravan - Skoalradiokoar
15 Seis wike frij - Skoalradiokoar
16 Michael Jackson - Skoalradiokoar